Plysje siket tsjûgen
Twa manlju hat sneontemiddei besocht yn te brekken yn in wenning oan de Hottingawei yn Wommels. Tsjûgen seagen twa manlju mei in tinte hûdskleur op it hiem fan it bedriuw rinnen.
Doe't de tsjûge tichterby kaam om te sjen, naaiden de manlju út en rieden fuort yn in wite bestelbus yn de rjochting fan de Westergoawei. It is noch ûndúdlik wat der weinaam is. De manlju binne tusken de 25 en 30 jier. Se droegen swarte klean en ien droech in mûts.