Oanriding yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn in oanriding ôfhannele op it Suderein en it Súd yn Drachten. Dêrby rekke in fytser, in 71-jierrige ynwenner fan Nij Beets ferwûne oan de holle.
De oarsaak fan de oanriding wie dat de fytser by it oerstekken fan de krusing in auto net opmerkte. Dy auto waard bestjoerd troch in 30-jierrige ynwenner fan Drachten. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.