Kruser útbaarnd yn Dokkum

Foto: Martin Nuver
De technyske resjerzje fan plysje Fryslân ûndersiket de oarsaak fan in brân op de Dokkumer Ie wêrby't in kruser swier skansearre rekke. De boat dy't neist de kruser lei rûn troch de brân oan de sydkant ek grutte skea op.
De boaten leinen oan de Foarstreek. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie brân yn de kruser, dy't dêrnei hielendal útbaarnde. De eigner hie de boat snein yn goede steat achterlitten. Snein ûntduts er de brân.