Nij popfestival yn Skerpenseel

12 jul 2009 - 13:50

Oan de grêft yn Skerpenseel waard sneon it popfestival FarmFest holden. Dit festival is in pear jier lyn ûntstien út in yntym jierdeifeestje mei in bandsje. Njoggen freonen ha, mei fergunning fan de gemeente, dit popfestival grut opset.

Foar takom jier wurdt de organisaasje in stifting, wêrmei't in subsydzje oanfrege wurde kin by Friesland Pop. Dit wykein kamen sa'n 350 popleafhawwers nei Skerpenseel. Der treden fiif rock- en popbands op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)