Demonstraasje om papegaaien

11 jul 2009 - 16:12

Sa'n tweintich sympatisanten fan de papegaaiekwekerij yn Sonnegea hawwe sneontemiddei in koarte demonstraasje holden. Sy fine it ûnbegryplik dat de eigners fan kwekerij 't Koppel mei har hobby ophâlde moatte.

Neffens de gemeente hat de papegaaiekwekerij in bedriuwsmjittige opset, en dêr is gjin fergunning foar. De eigners bestride dat en hawwe in advokaat yn de earm nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)