Grutte oprop foar nierdonors

11 jul 2009 - 14:49

Drachtster Maggy van Manen siet sintraal yn in grutte oprop foar libjende nierdonors fan de lanlike feriening foar nierpasjinten. De oprop stiet yn meardere blêden en is ek bedoeld as oanklacht tsjin it belied fan minister Klink fan Folkssûnens.

Neffens de pasjinteferiening hie dy stride moatten foar in nij registraasjesysteem. Elk is yn dat systeem donor. Wolst dat perfoarst net, dan moast dat sels oanjaan. No is ien pas donor as er dat sels melden hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)