Grêfskeining yn Wolvegea

11 jul 2009 - 13:59

Yn de nacht fan freed op sneon binne op it algemiene begraafplak yn Wolvegea goed 25 grêven fernield. De skeining en fernieling fûn plak op it âlde diel fan it hôf.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente Weststellingwerf binne meardere grêven fan resinte datum, oaren binne mear as hûndert jier âld. Der soe by it fernielen grof geweld brûkt wêze, de brokstikken lizze rûnom ferspraat. Der wurdt besocht om de famyljes fan de belutsen grêven te achterheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)