Ynbrekkers op 'e die betrape

11 jul 2009 - 12:41

Twa manlju binne freed op 'e die trapearre doe't se yn in kafee yn Ljouwert oan it ynbrekken wiene. De plysje hat in ynwenner (30) fan Ljouwert en in man (21) út Gouda oanhâlden.

In tsjûge seach de manlju ynbrekken by in kafee oan it Grut Skavernek. Doe't de plysje deroan kaam, tocht ien fan de mannen tûk te wêzen. Hy ferstoppe him yn in seekontener. Beide manlju binne úteinlik meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)