Ambulânsepersoniel hindere

11 jul 2009 - 12:35

Ambulânsepersoniel is freedtejûn lêstichfallen by harren wurk yn Ljouwert. In 18-jierrige frou wie net goed wurden yn de Natalstrjitte yn de stêd. Doe't de ambulânse oankaam om te helpen waarden se tsjinhâlden troch omwenners.

It personiel fan de ambulânse hat dêrop de plysje warskôge, mar doe't dy oankaam wie it alwer rêstich.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)