Himpkwekerij oprôle Frjentsjer
De plysje hat freedtemoarn in himpkwekerij yn Frjentsjer oprôle. Yn in wente troffen se 43 himpplanten oan. Om't de kwekerij in soad stankoerlêst jout, koe de plysje de himpkwekerij op it spoar komme.
In 45-jierrige bewenster fan it hûs is oanholden. Sy krijt in proses-ferbaal. De planten binne yn beslach naam.