Dakbedekking nimt CO2 op

Dakbedekkingsbedriuw Troelstra en De Vries út Drylts hat in dakbedekking ûntwikkele dy't CO2 út de loft hellet. Hjirmei binne se de earsten yn Europa. Op de dakbedekking wurdt de stiensoarte Olivijn struid.
Olivijn nimt CO2 op en set dat om yn bygelyks izer of magnesium. Yn tiden dêr't de klimaatproblematyk heech op de aginda stiet, is dit produkt in boppeslach foar it bedriuw. Olivijn sil ynkoarten ek yn asfalt ferwurke wurde.