'Mear ynfo oer Nij Saailân'

In tekening fan it Nij Saailân
De gemeenteriedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert is ûntefreden oer de wize wêrop't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders kommunisearret oer it projekt Nij Saailân. De partij fynt dat der yn it gebiet sels net genôch ynformaasje te finen is oer alle plannen.
De PvdA wol dat der oan de boustekken ûnder oare boutekeningen komme te hingjen. Ek moat der ynformaasje yn it gebiet komme oer de krekte plannen en wannear't dy útfierd wurde.