GrienLinks is klear mei Adema

10 jul 2009 - 18:04

De steatefraksje fan GrienLinks hat skjin syn nocht fan it optreden fan deputearre Adema by de diskusje oer de ôffaloven yn Harns. De deputearre is dwaande mei 'ûndemokratysk gepruts', fynt de partij.

GrienLinks sjocht neat yn in besletten gearkomste dêr't de steatepartijen ynsjoch krije yn de rapporten oer de nije oven fan Omrin. Ek wiist GrienLinks it team fan 'ûnôfhinklike saakkundigen' ôf, dat fan Adema nei de saaak sjen moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)