Lân ûnder wetter troch wyn

© Omrop Fryslân
Troch de hurde wyn fan de ôfrûne dagen binne der yn it noarden fan Fryslân stikken lân ûnderstrûpt. It giet om bûtendyks lân. Under oaren by Swarte Hoanne is it wetter wat omheech kommen, lykas yn it Noarderleech by Marrum.
It wetter is gjin gefaar foar it fee dat dêr omrint. Wol binne der fûgels en mûzen dea gien. Neffens lânbehearder It Fryske Gea is it hichtepunt foarby en lûkt it wetter him alwer wat werom.