Toeristyske rûtes mei mp3

10 lústerrûtes beskikber yn Gaasterlân/Sleat
Mei in mp3-spiler fan de VVV by de toeristyske attraksjes del. Dat kin no mei 10 ferskillende fyts- en kuierrûtes yn Gaasterlân en troch Sleat. It is ien fan de grutste audiotoer-projekten fan Nederlân mei ynformaasje, harkspullen en oare lûdsfragminten.
Minsken kinne by ferskillende ynfosintra in mp3-spiler helje. Dy wurdt dan laden mei in rûte yn it Frânsk, Dútsk, Ingelsk of Nederlânsk.