Ferlet fan medysk spesjalisten

© Omrop Fryslân
Oer fiif jier binne der net genôch medyske spesjalisten yn Fryslân. Dat sizze de sikehûsdirekteuren fan Ljouwert en Drachten. In soad spesjalisten geane ynkoarten mei pensioen en der binne net genôch artsen om har op te folgjen.
Dêrneist kieze hieltyd mear froulju foar in stúdzje genêskunde. Froulju wurkje mear parttime op it momint dat der bern komme. In tredde reden is dat in soad studinten genêskunde leaver yn it Westen wurkje.