Stek tsjin iepenbiere seks

Rekreanten kleie oer oerlêst
By rekreaasjegebiet De Ulesprong by St Nyk wurdt in stek pleatst om cruisende mannen te kearen. Dat binne manlju dy't seks hawwe yn de bûtenloft. De oerlêst is sa grut dat yn oerlis mei pleatslik belang St Nyk en de gemeente Skarsterlân keazen is om by de yngong in stek te pleatsen.
It stek giet om acht oer jûns ticht en moarns om njoggen oere wer iepen. Wethâlder Hemmes sjocht it probleem mei oerlêst breder as de cruisende manlju. De rekreanten kleie deroer.