Aksje tsjin útsetting Wyt-Rus

© Omrop Fryslân
Rechtshulp Advocaten Noord yn Ljouwert besiket de útsetting fan in Wyt-Russyske asylsiker foar te kommen. De man, Andrei Babkin, wennet al in skoft yn Ljouwert. Hy ûntflechte Wyt-Ruslân omdat er dêr bedrige waard fanwege syn homoseksualiteit. Neffens it Nederlânsk regear is it lykwols feilich yn Wyt-Ruslân.
Babkin is tongersdei oerbrocht nei it útsetsintrum by fleanfjild Zestienhoven yn Rotterdam. Wannear't er oerflein wurdt, is noch net dúdlik.