Autofernielers op It Fean
Unbekenden hawwe tongersdeitenacht op Crackstate op It Hearrenfean in tal auto's fernield. Se hawwe in stiennen bal, dy't brûkt wurdt om de dyk mei ôf te setten, op it dak fan in auto set en him dêrnei nei ûnderen rôlje litten. Fan in oare auto is in bân lekstutsen.
De dieders binne noch spoarleas.