Bart Helmholt wint De Jouwer

Bart Helmhout (foto: Martin de Jong)
Bart Helmholt hat tongersdeitejûn it fierljeppen op 'e Jouwer wûn. It wie foar de Burgumer de earste wedstriid nei in hânblessuere dy't er in moanne ferlyn oprûn. Helmholt ljepte 18 meter 62. Thewis Hobma fan Easthim waard twadde mei 18.31.
By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar fan Snits mei 14.84. Albert-Jan Venema fan Feanwâlden wie wer ris de bêste by de jonges mei 15.61. De oerwinning by de junioaren wie foar Nard Brandsma fan It Heidenskip mei 17.41.