Jild restauraasje tsjerke Nes

10 jul 2009 - 09:13

De Avondvierdaagse op It Amelân hat goed 4.000 euro opsmiten foar de restauraasje fan de Herfoarme tsjerke fan Nes. It jild waard byelkoar brocht mei de ferkeap fan blommen. Dy waarden oan de ein fan it kuierevenemint útdield oan de dielnimmers. Dat wiene der dit jier 370.

De Avondvierdaagse waard fiif jier lyn oprjochte om jild byelkoar te krijen foar de restauraasje fan de tsjerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)