Minne waar oer hichtepunt

10 jul 2009 - 07:58

It hichtepunt fan it minne waar is foarby. Dat sei waarman John Havinga freedtemoarn. Yn de rin fan de dei nimt de wyn wat ôf en meitsje de buien plak foar sinneskyn. Yn waarberjochten waard warskôge foar min waar yn de nacht nei freed en op freedtemoarn.

De measte wyn stie freedtemoarn betiid op Flylân. Dêr waard wynkrêft acht metten. Op it neistlizzende Skylge wie dat mar wynkrêft fjouwer. Boerum wie mei 15 milimeter ien fan de útsjitters kwa reinwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)