'Rekken hâlde mei min waar'

© Omrop Fryslân
It ferkear yn it noarden moat yn de nacht fan tongersdei op freed en freedtemoarn rekken hâlde mei oerlêst troch in protte reinwetter. Dêr warskôget it KNMI foar. Der is kâns op swiere buien. En der stiet in hurde wyn mei kâns op wynstjitten oant 75 kilometer yn 'e oere.
De meteorologen fan Weeronline advisearje minsken dy't de dyk opgean om de waarsfoarsizzings goed yn 'e gaten te hâlden. Auto's mei karavans kinne de moarnsspits better mije.