Tunnel akwadukt noch net iepen

09 jul 2009 - 21:53

De rydstrook Snits-De Jouwer yn de Prinses Margriettunnel by Snits bliuwt noch seker in wike ticht. Rykswettersteat hat de tunnel ôfsletten fanwege lekkerij.

Sneon wurdt it asfalt der foar in grut part úthelle, omdat it fermoeden bestiet dat de lekkerij feroarsake wurdt troch buiskes yn it beton fan de tunnelbak. As dat sa is, wurde dy buiskes allegear besjoen en opnij tichtmakke. Ferkear wurdt omlaat troch de oare tunnelbuis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)