Fryske terrassen yn top 100

© Omrop Fryslân
Restaurant Eten en Drinken bij Ons yn Harns stiet op nûmer tsien yn de Terras Top Honderd van dit jier. Dy list is foar de twadde kear gearstald, troch útjouwer Misset. De bedriuwen krigen besite fan in mystery guest dy't it terras beoardielde op it uterlik, gastfrijheid, service en kwaliteit.
Yn de terras top 100 steane noch twa Fryske bedriuwen. Op nûmer 34 stiet Onder de Linden yn Snits en op 100 The satisfied frog op de Lemmer.