Wenningmerk lûkt wat oan

09 jul 2009 - 15:11

De ferkeap fan huzen yn Fryslân liket wer wat better te gean. Yn it twadde fearnsjier fan dit jier binne goed 30 persint mear huzen ferkocht as yn it earste fearnsjier. Dat docht bliken út sifers fan makeldersorganisaasje NVM.

Ek de prizen lykje wer wat oan te heljen. Sa waard in gemiddeld hûs yn it Súdwesten fan de provinsje yn it twadde fearnsjier tusken de ien en twa persint djoerder as yn it fearnsjier derfoar. Wol binne de prizen dêr yn in jier tiid goed 7,5 persint leger wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)