'Aldeboarn by Opsterlân'

© Omrop Fryslân
De partij Opsterlands Belang yn de gemeenterie fan Opsterlân wol dat it kolleezje in útwreiding fan de gemeente ûndersiket mei it doarp Aldeboarn. Dat doarp leit no noch yn Boarnsterhim, mar grinzet wol oan Opsterlân.
By de foarige weryndieling woe it doarp wol by Opsterlân hearre, mar dat is net bard. Neffens Opsterlands Belang moat Opsterlân hast wol útwreidzje om as selsstannige plattelânsgemeente bestean te bliuwen.