Brantsje yn Cambuurstadion

© Omrop Fryslân
De brânwacht moast tongersdeitemoarn yn aksje komme yn it Cambuurstadion yn Ljouwert. Laskers wiene dwaande mei it pleatsen fan stekken om it fak fan de útsupporters hinne. Dêrbei is nei alle gedachten in fonkje yn de opslachromte fan de 'kearn van Cambuur' telâne kaam.
Omdat hjir in houten fliering yn sit begûn it te rikjen. Neffens Keimpe Vellinga fan Cambuur is it bleaun by in soad reekûntwikkeling. De brânwacht hie alles gau ûnder kontrôle.