Wer hoantsje tsjerke Teridzert

De toer fan it tsjerkje fan Teridzert hat wer in hoantsje. Nei 35 jier fan ôfwêzigens is it hoantsje fan blêdgoud tongersdei werom pleatst. De tsjerke dy't eigendom is fan de stifting Alde Fryske Tsjerken, wurdt op dit stuit restaurearre.
It houtwurk fan de toer is foar in grut part ferfongen. Yn de tsjerke binne nije flierren kommen en binne de muorren opnij stúkt. Ek binne twa nije doarren pleatst. Ein dit jier moat de restauraasje klear wêze.