Brânwachtoplieding moat better

De oplieding fan de brânwacht moat ferbettere wurde
De oplieding fan de brânwacht yn Fryslân moat better. Troch ûnbekendheid mei moderne boumaterialen kin nei it dwêsten de brân dochs wer opnij útslaan. Brânwacht Noardeast Fryslân komt ta dizze konklúzje nei ûndersyk fan in brân yn Twizel.
Nei't dy lytse brân útmakke wie en de brânwacht werom wie nei de kazerne, baarnde de winkel dochs hielendal ôf. Waarmtebyldkamera's binne net mear tarikkend om fjoer yn moderne wand- en plafond-panielen te registrearjen.