'Tariven kadaster net heger'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol dat minister Cramer it beslút oer it ferheegjen fan de tariven fan it kadaster werom draait. It kolleezje fan B&W skriuwt dat yn in brief oan de minister. In tal tariven foar tsjinsten dy't troch gemeenten faak brûkt wurde, giet op 1 augustus mei goed 30% omheech.
B&W fan Ljouwert begrypt hjir neat fan. De ferheging stiet neffens B&W heaks op de oprop fan it kabinet om de stiging fan de lokale lêsten safolle mooglik te beheinen.