'Undersyk gefolgen oven'

In ûnôfhinklike ynstânsje moat ûndersykje wat de gefolgen binne fan de komst fan in nije ôffaloven yn Harns. Dat sei deputearre Piet Adema tongersdei oan it begjin fan de middei op in parsekonferinsje yn Ljouwert.
Ek minister Cramer fan Miljeu fynt dat neffens de deputearre. Offalferwurker Omrin wol dat dy oven der komt, de stifting Afvaloven Nee wol dat net. Beide partijen soene har dellizze moatte by de útkomsten fan sa'n ûndersyk.