Koen Brack nei Atessa

09 jul 2009 - 10:52

Fuotballer Koen Brack spilet takom seizoen foar it Italiaanske Atessa Val di Sangro, in klup út de searje D. De âld-Cambuur-ferdigener hat in kontrakt foar ien seizoen tekene as semi-prof. De klup sjocht Brack as wichtige spiler om gau hegerop te kommen.

Ferline jier degradearre de klup út de searje C2. Brack koe op staazje by in klup út de searje C, mar hat keazen foar Atessa om wis te wêzen dat er yn Itaalje wenjen bliuwe kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)