Oanholdings foar fernielings

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa manlju (18 jier) út Appelskea en Ravenswâld oanholden foar tal fan fernielings yn Easterwâlde. Yn de wykeinen wiene de beide manlju aktyf yn Easterwâlde en Appelskea. Se smieten ruten fan wenningen yn en ek auto's moasten it ûntjilde.
Der is foar tsientûzenen euro's skea oanrjochte. De plysje hie dupearren en buertbewenners brieven stjoerd mei dêryn it fersyk om nei de dieders út te sjen. Nei oanlieding fan reaksjes hjirop koene de manlju oanholden wurde.