Skip op 'e kust foar Starum

De Varia Nova. (Foto: Harmen Wolthuis)
De coaster Varia Nova leit fêst op in ûndjipte foar de kust fan Starum. It skip hat dêr foar anker lein. Troch de hurde wyn rekke it anker los en is it troch de hurde wyn fuortdreaun.
In sleper fan Rykswettersteat sil it skip woansdei noch fuort helje. De tsjinst is benaud dat it skip aans in gefaar foarmet foar de skipfeart at de wyn draait. De eigner is oan board. Neffens him hat it skip gjin skea oprûn. De coaster lûkt in soad 'ramptoeristen' nei de seedyk.