Gemeente wol stasjonsgebou ha

08 jul 2009 - 16:11

De gemeente Ferwerderadiel wol it stasjon fan it eardere Dockumer Lokaaltsje by Marrum weromkeapje. Der wurdt ûnderhannele oer de priis. It gebou is seis jier lyn folslein restaureard mei fjouwer en in heale ton oerheidsjild. It hie jierren leech stien en wie fertutearze.

De hjoeddeistige eigner kocht it gebou fan de gemeente. Hy woe it stasjonsgebou brûke foar hoareka, mar ek hy lit it al trije jier leech stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)