Marije is kampioen sjitten

Marije Nicolay (14) út Noardburgum is Nederlânsk kampioen luchtgewearsjitten. Yn Papendal is se de bêste by de junioren-C. Dat is de leeftydskategory 12 oant en mei 14 jier dêr't sawol jonges as famkes oan meidogge. Nei in oantal kearen sjitten sette se de heechste skoare del.
Marije kaam mei de sport yn de kunde om't har heit ek sjit. Se hopet om 2018 hinne meidwaan te kinnen oan de Olympyske Spelen.