Konkoers hippyk op Skier

08 jul 2009 - 15:30

Op Skiermûntseach waard woansdei it tradisjoneel konkoers hippyk hâlden. It wie foar de 41e kear. Der komt in ferskaat oan dissiplines yn de baan. In soad ruters meitsje der tagelyk in koarte fakânsje fan.

Foar it earst sûnt jierren stiet ek it ienspan túchriden Frysk Ras wer op it program. De sjuery beslút dat de oanspanning fan Tjitske_Bouma fan Terkaple it moaiste parkoers ôfleit. Se krijt de earste priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)