Skippers yn problemen op Waad

© Omrop Fryslân
Op de Waadsee binne woandei ferskate skippers yn de problemen kaam. Sa botste in syljacht by Koarnwertersân op in sleepboatsje en ferlear derby de mêst. In oar syljacht rekke troch noch ûnbekende oarsaak it roer kwyt by Harns.
Neffens de rêdingsmaatskippij wurdt it wat drokker op it wetter om't de fakânsjes begûn binne. Dêrmei krije ek de helptsjinsten mear te dwaan. Ek de reinbuien en de hurdere wyn soargje foar wat mear problemen as oars.