Minister: gjin ûndersyk oven

08 jul 2009 - 14:16

Minister Cramer ûntkent dat se tasein hat dat har ministearje de ynset fan in saakkundige betellet om te ûndersykjen oft de nije ôffaloven yn Harns skealik is foar omwenners. De Stichting Afvaloven Nee liet witte dy tasizzing fan de minister krigen te hawwen. Neffens de minister soe dat de yndruk jaan dat it ferlienen fan de fergunning net rjochtmjittich wie, wylst dat wol sa is.

De minister soe ek sein ha dat der in oerlis mei deputearre Adema komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)