Proseduere Poortje giet troch

08 jul 2009 - 12:14

De prosedueres foar de bou fan jeugdfinzenis Het Poortje geane troch. Ek al is der in kâns dat der op It Hearrenfean gjin finzenis komt. Dat seit direkteur Hetty Janssen. Der is minder ferlet fan sellen foar jongerein, om't dy faker yn in sletten jeugdsoarchynstelling komme.

De aksjegroep tsjin de komst fan de jeugdfinzenis wol dat de gemeente de oanfraach wer besjocht. Nei de fakânsje wolle se prate oer it stillizzen fan de prosedueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)