Bleatfoto's meie neffens wet

Kolleezje sjocht gjin reden om foto's te wegerjen
Der is wetlik sjoen gjin oanlieding om in eksposysje mei bleatfoto's lâns de seedyk by Moddergat te wegerjen. Dat antwurdet it kolleezje fan Dongeradiel op fragen fan de ChristenUnie. Dy partij is benaud dat foarbygongers har oan de foto's steure, om't se sjoen de grutte en lokaasje twongen wurde der nei te sjen.
It giet om tweintich foto's fan neakene froulju dy't makke binne troch fotografe Mije Bos, njoggen fan de foto's komme yn Dongeradiel te stean.