Wierda no ek nei Drachten

© Omrop Fryslân
Autobedriuw Wierda fan De Jouwer iepent in festiging op bedriuweterrein Azeven-Noord yn Drachten. It giet om in ûnderhâldsgaraazje foar frachtweinen. Ek wurdt in waskstrjitte en tankstasjon foar bussen iepene.
Wierda hat al in festiging op 'e Jouwer, dy bliuwt gewoan bestean. Der wurdt foar Drachten keazen, omdat yn dy gemeente de measte frachtweinen fan Fryslân registreard steane. De bou moat begjin takom jier klear is.