Jachtboubedriuw fallyt

08 jul 2009 - 11:08

Der is wer in Frysk jachtboubedriuw fallyt ferklearre. It giet om Vacance Jachtbouw yn Snits. By it bedriuw wurkje fjouwer minsken. Oarsaak fan it fallisemint is dat der hielendal gjin fraach is nei jachten. Dat komt troch de ekonomyske krisis.

Vacance Jachtbouw draaide al mei ferlies. It bedriuw hat in skuld fan in pear ton. Neffens de kurator sit in trochstart of ferkeap der net yn. De jachtbousektor wurdt hurd troffen troch de resesje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)