Stipe foar sporters Sint Anne

08 jul 2009 - 10:34

De eigners en sportferieningen fan sportkompleks De Waaie yn Sint Anne krije in soad emosjonele en finansjele stipe. De kantine fan it kompleks baarnde 5 juny folslein út.

De prizekast mei 100 jier sporthistoarje komt nea werom, mar der wurdt al hurd wurke oan needoplossingen foar de kantine en it keapjen fan nije sportklean. Fuotbalferiening FVC út Ljouwert stelt de ynboedel fan har âlde kantine beskikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)