Plysje pakt hurdriders oan

© Omrop Fryslân
By snelheidskontrôles op trije plakken yn Opsterlân hat de plysje hast 400 minsken op de bon slingere. Se rieden allegear hurder as tastien is.
De kontrôles waarden hâlden om't omwenners klage hiene oer bestjoerders dy't te hurd ride op de Badweg op De Gordyk, de Hegedyk yn Langsweagen en de Gerdyksterwei yn Beetstersweach. Mei elkoar waarden hast 3000 bestjoerders kontrolearre. Ien fan har ried 105 op in dyk dêr't 50 kilomter de maksimumsnelheid is.