Wurk oan brêge by Burgum

08 jul 2009 - 09:14

Ferkear kin njoggen dagen lang net oer de brêge Burgumerdaam by Burgum. Fan 17 oant en mei 26 july wurdt it houten dek fan de brêge ferfongen. Dat waard yn 1998 ek al dien. Gewoanwei soe it dek sa'n 25 jier meigean moatte, mar fanwegen it grutte tal auto's en it swiere frachtferkear dat de brêge brûkt, moat dat no al wer dien wurde.

Ferkear moat omride oer Koatstertille, allinne fytsers en kuierders kinne der wol lâns. De brêge wurdt ek net betsjinne foar de skipfeart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)