Pieter-Jan Postma 27e op WK

Pieter-Jan Postma 27e op WK
Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet by it WK yn de Finn-klasse nei fjouwer races op it 27e plak. Dêrmei is Postma de twadde Nederlanner yn it tuskenklassemint. Timo Hagoort stiet krekt ien plakje heger.
It earepoadium is dus fier fuort foar Postma, dy't koartlyn noch út de kearnploech setten waard, omdat er syn eigen koers farre woe yn it topsportprogramma. It WK yn de Finn-klasse wurdt hâlden yn Vallensbaek yn Denemarken.