Bus útbaarnd op Ofslútdyk

In Connexxionbus is yn de brân flein; der sieten gjin passazjiers yn
Op de Ofslútdyk by it monumint is tiisdeitemiddei in bus fan Connexxion folslein útbaarnd. De bus rydt gjin tsjinst, mar waard nei in oare lokaasje yn Fryslân riden. Passazjiers sieten der dus net yn de bus en ek bussjauffeur koe himsels op tiid yn feilichheid bringe.
It is ûndúdlik hoe't de bus samar yn brân fleane koe. Dêr docht Connexxion de kommende tiid ûndersyk nei.