Pieter Weening 1e yn Eastenryk

Pieter Weening wint yn Eastenryk
Pieter Weening hat tiisdei de tredde etappe yn de Ronde fan Eastenryk wûn. De hurdfytser fan De Harkema helle yn de keninginnerit oer 184 kilometer tusken Kitzbühel en Prägraten yn de lêste 500 meter de Italiaan Leonardo Bertagnolli yn. Dy hie 70 km allinnich foarop riden, mar ferlear de sprint.
Weening rydt dizze wike de Ronde fan Eastenryk omdat hy troch de ploechlieding fan de Rabobank net selektearre waard foar de Ronde fan Frankryk.